Walkura, klik voor startpagina. Walkura, klik voor startpagina.
Whitby.jpg

Fan lytse Jappie, nei grutte Jabik.

De njoggende october, njoggentsjin hûndert sân'n fyftich, seach ik it libbensljocht, oan board fan in wenarke, yn it havenstje fan Nij Brêge. It plak leit tusken Akkrum en it Hearenfean. Myn heit en mem wurden kjel fan myn aventoerlik utbrekken, ut de ôffredige sânbak op 'e wâl. It gefolch wie, dat ik op 't ein fan myn tredde jier, swimme koe as in wetterhûn. Jierren letter dourre it trije swimles perioaden ear 't myn swimmaster tofreden wéze koe mei myn swimslach. Net tsjinsteande koe'k folle hurder swimme as de oaren, dat kaam my letter by de swimclub, yn Drinte, wer tige fan pas. Yn soksoarte omkriten, wiene der ek in soad saeken dat driuwe kin, fansels makke ik it my tot boat, mei myn féste farjensmaet, ûs hûn, Teddy. Myn heit wurke by de firma Krikke, op in wiere steambaggermole. To pas en to unpas mocht ik mei nei it wurk, hy wie dér smid. Een pear jier ferlyn seag ik dizze baggermole wér werom, by it steamgemael museum yn Medemblik.

Oan't myn tsjinde jier wie 'k gauris by pake en beppe oan hûs, wer ik net swak byspylle in it boerewurk op 'e pleats yn Aldehaske. Dér yn Aldehaske hie 'k sa'n foargefoel, ik soe de pleats oernimme fan pake. Wér 'n lyts jonkje al net fan dreame kin, boppe dat, pake en beppe krigen in hoart letter fan Drees en it pleats wurde yn alderwetske tastân te keap oanbean.

Yn myn njoggende jier keape ik myn earste sylboat, oan't no wie't bourman's blommebak yn é foartûn. Nei eat spikerjen mei plaetsjes blik, koe't skip wer it wetter yn. It Nannewiid wie myn oséaen.

In 'e simmer fan njoggentsjin seis'n sechtich verhûzje wy nei "it bûtenlân" Drinte ta. Yn Hoogeveen wie'k in frjemdling. Myn nederlânsk wie tige min. De trije jier legere skoalle, dér't wy daegelijks nederlânsk learden wie net genôch, sadat 'k togearre my Ambonezen en kampbewenners, oan 'e sydline bedarre. Ek as lyts jonkje moatte jo je wér ynfjuchtsje, maetskappelik besjoen. Yn myn middelbaere skoaltiid wennen wy in Zuidwolde, krekt under Hoogeveen. Ek hjir boargere ik rillegau yn. Kreidlers, sportforienigingen, feestfiere en famkes hawwe it silen skoan ferkringe. Om dizze saeken betélje to kinnen, moast ik wol oan't wurk, myn bûsjild wie mar 'n oanfluiting. In't earstoan kaam 'k by it molkfabryk, yn 'e tsjiis makkery, nei twa jier krige ik dik spul my de sjef, dérnei bin ik fuortrûn. Yn deselfde wike wurke ik alwér by 'n waerme bakker"Willem en Alie Remmelts, te Schottershuizen". Hjir hie'k it tige nei't sin, trettjin jier lang. Nei myn stúdzje oan 'e leararenoplieding yn Grins, skiednis en ierdrykskunde, bin ik mei bakker wêzen opholden.

Yn 'e earste jieren fan myn studintentiid, wenne ik yn 'n wenarkje die't krekt bûten Grins leit yn it Boterdiep. Op 'n studinten keamer fljucht it my oan. Neist myn wenarkje lei lang om let ek wér 'n sylboatsje, 'n B. M. er.

Neidat myn bertegrûn opslokt wie, en it iepen fjild plak makke foar yndustry terrein, en it lân fan pake en beppe trochsnien wurdde mei de A7 autodyk, wie no it lân fan Noorderhogebrug en Beyum oan bar. Dér moast sanédich in wenwyk boud wurdde. Wér wie myn frije útsjoch fuort. Dérom ha 'k de wenboat ferkeape en togearre my twa maten in grutte boerepleats hiert yn Zuidlaarderveen.

Yn njoggentsjin fjouweren tachtich folgje de untwikkelings inoar my faasje op. Yn dat jier wurdde ik kroechhâlder fan Café De Vliegh yn Zuidlaren. Dérnei stapte ik yn it houliksboatsje, mei myn froendin. Ek wurdde ik oanstelt as learaar yn't fourtset Underwiis yn Grins. It silen wie d'r wér by ynsketten, it B-M erke stiet te ferdroegjen in'e skourre.

Nei tal fan jierren begûn it te rommeljen yn it underwiis, it skoal bestjoer sette in fúzje troch en neitiid wurdde it in skoalle dér't ik net op les jaan woe. Myn wille wie der no ôf, ik ha untslach nommen.

Neidat 'k seis jier yngeand en mei in soad niget yn it café dwaende wie, seach 'k ek hjir it ein fan 'e hoarizon. Ek wurdde it my dúdlik dat 'n kroech en it houlik elkoar net sa bot ferdraege kinne. Sadwaende wurdde it houlik untbûn en it café verkocht.

Nei dizze perioade ha 'k my inskriuwe litten as "Handelsonderneming Peat Land Estate", en hold 'k my dwaende mei autoreparaasje, grutte en lytse ferbouingen en ek noch it slopen fan âlde skoalgebouen, sa siet 'k ek wer in't underwiis, sei it my in omwei mar ta itselfde doel, sa as it liket; ôfbrekke!

Nei in skofke kaam ik Hennie Jongholt tsjin, en ferkeape har 'n auto, mei garânsje. Dér hâld se my nei mear as fiiv'n tweintich jier noch oan!

Dit was in grote lijnen het verhaal van mijn opgroeien. Omdat grote groepen mensen de tweede officiële taal (it Frysk) der Nederlanden niet machtig zijn ( waar blijft de inburgering), volgt hier onder de vertaling;

Van kleine Japie tot grote Jaap.

De negende oktober, negentienhonderdzevenenvijftig, zag ik het levenslicht, aan boord van een woonboot in het haventje van Nieuwe Brug. Dit plaatsje ligt tussen Akkrum en Heerenveen. Mijn ouders zagen met bange voorgevoelens mij keer op keer uit de omheinde zandbak klimmen. Het gevolg was dat ik in mijn derde jaar al kon zwemmen als een vis. Jaren later duurde het wel drie zwemles cursussen, voordat mijn zwemslag volgens de badmeester goed genoeg was voor mijn eerste diploma. Ondanks het gebrek aan een diploma zwom ik veel sneller dan mijn leeftijdgenoten, en dat kwam mij later op de zwemclub goed uit.

In een dergelijke woonomgeving waren er veel drijvende voorwerpen te vinden, veel werd door mij tot boot opgewaardeerd, onze hond teddy was mijn vaste varensgezel. Mijn vader werkte in die tijd bij de firma Krikke, op een echte stoom baggermolen, te pas en te onpas mocht ik mee naar het werk, hij was daar smid. Enige jaren terug zag ik deze baggermolen weer bij het stoomgemaal museum in Medemblik.

In de eerste tien jaar van mijn leven was ik zeer vaak op de boerderij van pake en beppe in Oudehaske te vinden, Waar ik op mijn manier meewerkte op de boerderij. Ik wilde boer worden, pake opvolgen. Maar ja, ze gingen met pensioen en de boerderij werd verkocht.

Van mijn gespaarde geld kocht ik mijn eerste zeilboot, tot die tijd had de boot de voortuin van de buurman opgevrolijkt met bloemen erin, na een dagje spijkeren met plaatjes blik kon ik varen op het Nannewijd, mijn oceaan.

In de zomer van negentienhonderd zes en zestig verhuisden wij naar het "buitenland" Drenthe. In Hoogeveen was ik een buitenstaander, mijn Nederlandse taal was abominabel slecht, drie jaar dagelijks Nederlandse les was niet genoeg blijkt, hierdoor werd ik min of meer samen met Ambonezen en Kampbewoners naast de groep geplaatst. Je moest er dus wel wat voor doen om in te burgeren.

Later verhuisden wij tijdens mijn middelbare schooltijd, naar Zuidwolde, net onder Hoogeveen. Mijn leven bestond hier uit brommers ( natuurlijk een Kreidler), sportverenigingen, feestvieren en meisjes, geen zeilen!

Om al deze zaken te kunnen betalen, moest er wel gewerkt worden, mijn zakgeld was niet om over naar huis te schrijven. Het eerste baantje was bij de melkfabriek, in de kaasmakerij. Na twee jaar kreeg ik ruzie met de chef van de kaasmakerij en ben ik weggelopen. In dezelfde week werd ik aangenomen bij de warme bakkerij van Willem en Alie Remmelts te Schottershuizen. Hier had ik het geweldig naar mijn zin dertien jaar lang. Nadat ik was afgestudeerd aan de lerarenopleiding te Groningen in Geschiedenis en Aardrijkskunde, ben ik er pas mee gestopt.

De eerste jaren van mijn studenten tijd woonde ik op een woonbootje, dat net buiten Groningen lag in het Boterdiep. Op een studentenkamertje kon ik beslist niet aarden, en ik had eindelijk weer een zeilbootje, een B.M.er.

Nadat de vooruitgang bezit had genomen van mijn geboortegrond,'het werd het Industriegebied van Heerenveen', en de landerijen van mijn Pake en Beppe werd doorsneden door de nieuwe autosnelweg de A7, was het nu de beurt aan Noorderhoogebrug en Beijum, er moest zonodig een woonwijk gebouwd worden. Daarom verkocht ik de woonboot en ging met twee vrienden een grote boerderij in Zuidlaarderveen huren.

In negentien honderd vier en tachtig volgden de ontwikkelingen elkaar snel op. In dat jaar kocht ik "Café de Vliegh" in Zuidlaren. Ik trouwde met mijn vriendin,Tinie. Ook werd ik aangesteld als leraar in het voortgezet onderwijs in de stad Groningen. Het zeilen schoot er weer bij in, de B.M.er stond te verdrogen in de schuur.

Na een aantal jaren begon het te rommelen in het onderwijs en na een fusie ontstond een scholengemeenschap, waar ik niet zou willen solliciteren, dus heb ik mijn ontslag ingediend. Nadat ik zes jaar volop en met veel plezier het café gerund had, zag ik hier ook zo onderhand de horizon, ook werd het mij duidelijk dat een café en het huwelijk elkaar slecht verdragen. Dus het huwelijk werd ontbonden en het café verkocht.

Hierna liet ik mij inschrijven bij de Kamer van Koophandel als Handelsonderneming "Peat Land Estate". Ik was mijn eigen uitzendbureau, en hield mij vooral bezig met auto reparaties, kleine en grote verbouwingen en sloopwerken, hieronder vielen ook een vijftal houten schoolgebouwen voor de gemeente Aa en Hunze; ziedaar, zo zat ik dus ook weer in het onderwijs met hetzelfde doel, het slopen van het onderwijs.

Na een poosje kwam ik Hennie tegen en ik verkocht haar een autootje met garantie, na bijna vijf en twintig jaar houdt ze mij er nog steeds aan.

BootJaapBootJaapBootJaapBootJaapBootJaapBootJaapBootJaap